Skoallen ferkearsûnfeilich

© Omrop Fryslân
Der komt in top 10 fan skoallen yn Ljouwert dy't ferkearsûnfeilich binne foar bern. De riedsfraksjes fan CDA en VVD litte ûndersyk dwaan nei de ferkearsfeiligens by skoallen. Dêrút moat bliken dwaan wêr't oanpassings komme moatte.
CDA en VVD fine dat by nijbouplannen tenei ek better sjoen wurde moat nei ferkearfeiligens foar bern. Yn de Vinexwyk Suderbuorren is dêr bygelyks net goed oer neitocht.