Twa bern ferwûne by ûngelok

16 feb 2007 - 12:59
  • By it ûngelok fleach ien auto oer de kop

Twa lytse bern binne freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding by Marsum. De twa sieten yn in auto dy't op de krusing fan de Westergoawei en de ôfrit fan de N31 yn botsing kaam mei in oare auto. De auto mei de bern fleach dêrby oer de kop.

De twa bern binne oerbrocht nei it sikehûs. De oare ynsittenden en de ynsittenden fan de twadde auto rekken net ferwûne. Op de krusing binne wol faker ûngelokken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)