Skoalle Boalsert 'te fol'

16 feb 2007 - 12:48

Op basisskoalle De Blinker yn Boalsert hearsket grutte romtekrapte. Yn de beukerklasse sitte 42 bern. De skoalle freget âlden sels om de jongste bern middeis thús te hâlden. Der is ferlet fan in needlokaal, mar de gemeente fynt dat te djoer. De bern fan groep acht soene yn de keamer fan 'e konzjerzje les krije kinne. De beukerklasse kin dan opslitst wurde en tweintich bern kinne dan nei it lokaal fan groep 8.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)