Wer Frysk kantoar Steatsbosk

© Omrop Fryslân
Steatsboskbehear krijt wer in grut kantoar yn Fryslân. In Twizel is grûn oankocht foar in nij behearssintrum. Dêrút wei wurdt 5000 bunder natuergebiet yn Noard-Fryslân beheard. Der komme fyftjin fjildwurkers en liedingjaanden te wurkjen. Foar de simmer moat it sintrum klear wêze.
In pear jier lyn ferhuze Steatsboskbehear út Ljouwert nei Grins nei ien noardlik regiokantoar. De adminstrative wurkers bliuwe dêr.