Hoarekabeurs op Skier

16 feb 2007 - 10:08

In hoarekabeurs op Skiermûntseach hat tongersdei seishûndert besikers lutsen. De beurs wurdt alle jierren hâlden om de eigners fan in hoarekaûndernimming op it eilân nije produkten sjen te litten. Dat binne dan saken lykas wyn, bôle, kofje,tapas en skjinmakkersguod.

Der wiene dit jier 28 diskes. Dat is mear as twa kear safolle oare jierren. De hoarekabeurs wie yn Hotel Egbertsdún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)