Mear bussen en treinen nedich

© Omrop Fryslân
Der moatte mear bussen en treinen ride yn de provinsje. Ek moat it spoar by Snits útwreide wurde en is der ferlet fan in ekstra stasjon tusken Feanwâlden en 'e Westerein. Dy fynt VVD-listlûkker Baas. As alles trochgiet, kostet dat 9 miljoen euro op jierbasis. Dat kin komme út de ekstra sinten dy't de provinsje kriget út de fúzjejilden fan NUON en Essent. De maatregels moatte 10 persint ekstra reizgers opleverje.