Motivaasjeproblemen fleanbasis

15 feb 2007 - 22:15

De nije kommandant fan de fleanbasis yn Ljouwert makket him soargen oer de motivaasje fan syn personiel. Neffens kommandant den Drijver ha de wurknimmers it smoardrok om de ferâldere F16's goed yn de loft te hâlden.

Boppedat freget de polityk hieltyd mear fan de loftmacht. Mei de krappe arbeidsmerk is it saak om de minsken wol op de basis te hâlden, fynt kommandant den Drijver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)