11-stêdetocht 1985 wer te sjen

15 feb 2007 - 21:07

It hiele tillefyzjeferslach fan de Alvestêdetocht fan 1985 is 24 febrewaris op 'e nij te sjen op Geschiedenis TV, it digitale temakanaal fan de Publike Omrop.

It ferslach fan de tocht fan 1985 wie de grutste operaasje fan de publike omrop oant dan ta. It risseltaat leit sûnt dy tiid yn it argyf en wurdt der no dus foar ien kear úthelle. De hiele wedstriid is te sjen en fansels wurde de toerriders ek folge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)