A'karspelen: 7 foar WVG

15 feb 2007 - 20:54

Ynwenners fan Achtkarspelen dy't gebrûk makken fan de Wet Voorziening Gehandicapten, binne tefreden oer hoe't dy wet yn de gemeente útfierd waard. Yn in ûndersyk dat dêr nei dien is, krijt de gemeente der in dikke 7 foar.

Minder bliid wiene de kliinten mei de oare foarsjenningen en hoe't klachten ôfhannele waarden. De gemeente sil besjen hoe't dy knyppunten ferbettere wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)