Stellerij by Vadeko Flyers

teamanager hat iishockeyklub beneidiele
De teammanager fan de Vadeko Flyers hat jierrenlang guod stellen fan de klub. De iishockeyklub fan It Hearrenfean tinkt dat de skea yn de tsientûzenen euro's rint.
De manager wie goed tsien jier ferantwurdlik foar de ynkeap fan materialen. Hy soe mear ynkocht ha as nedich en dat guod trochferkocht ha oan rekreanten. De klub miende dat er dat jild yn de klubkas die. De klub docht freed oanjefte fan de stellerij.