Argyf fan Katolike Friezen

© Omrop Fryslân
It argyf- en dokumintaasjesintrum foar RK Fryslân yn Boalsert hat in oersjoch fan alle Friezen dy't yn Fryslân foar de katolike tsjerke wurke ha. It giet om paters, fraters, broeders, susters, pastors en kappelanen.
It argyf hat gevens sammele fan 1580 ôf. Der steane 4500 nammen op. It digitale argyf kin brûkt wurde foar skiednisûndersyk. Minsken dy't mear witte wolle oer de eigen famyljeskiednis kinne der telâne.