Mear Fryske opfang foar bern

mear Fryske opfang foar bern
Der binne mear Fryske opfangplakken foar bern. Der binne no 55 pjuttersboartersplakken en bernedeiferbliuwen dêr't Frysk en Nederlânsk praat wurdt. De provinsje hie fjouwer jier lyn de opdracht jûn foar mear Frysktalige opfang. Dy opdracht is no útfierd troch Partoer.
Yn Feanwâlden is in proef om te sjen hoe't bern fan in Frysktalige opfang it Frysk op de basisskoalle brûke.