Maatregels tsjin fiskers

15 feb 2007 - 11:52

Twa fiskers dy't yn Heech trappearre binne op yllegaal fiskjen, wurde fan de byfangstregeling útsluten. Se meie in jier lang gjin snoekbears meinimme dy't se by de iel fange. It bûn foar binnenfiskers hat de maatregel oplein om't de twa mannen de beropsfiskerij skea dien ha.

Tsjin twa fiskers dy't sûnder fergunning op de Lauwersmar fisken, wurde gjin maatregels naam. It bûn hat neat oer dat gebiet te sizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)