Boot Holland suksesfol

15 feb 2007 - 10:36

De beurs Boot Holland yn it WTC Expo hat in rekordtal besikers lutsen. Sa'n 55.000 minsken kamen nei Ljouwert. Yn Snits komt mooglik yn septimber in wiete fariant fan Boot Holland. De 250 boaten komme dan te lizzen yn de wetters fan it sintrum yn de stêd.

Standhâlders fan de Ljouwerter beurs wurde frege oft se meiwurkje wolle. As der te min tiid is om dat te organisearjen, wurdt de beurs in jier útsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)