Mear romte foar kij op feemerk

15 feb 2007 - 09:59

Kij op de Ljouwerter feemerk kinne fan kommende simmer ôf wat nofliker omstappe. De wachtromtes foar de ferkochte kij wurde grutter. De 700 kante meter wurdt brûkt foar oan- en ôffier fan bisten.

De ynvestearing yn de lokaasje WTC Expo yn Ljouwert betsjut net dat de feemerk net mear siket nei in nije lokaasje. Mar foarsitter Kingma slút ek net út dat de feemerk dochs yn Ljouwert bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)