Tefolle minsken kinne net lêze

14 feb 2007 - 17:39

Op de Eben Haezerskoalle yn Dokkum is woansdei in grut noardelik offensyf tsjin de `laaggeletterdheid' begûn. Steatssiktaris Bruno Bruins joech ferfoar it startskot.

62.000 Friezen haw it dreech mei lêzen en skriuwen. Dat docht bliken út in ûndersyk dien yn opdracht fan de Stichting Lezen en Schrijven. It getal fan 62.000, komt del op 13 prosint fan de Fryske befolking. Dêrmei sit Fryslân presys op it lânlik gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)