Tichelaar fraksjelieder PvdA

de farske fraksjefoarsitter Jacques Tichelaar
Jacques Tichelaar fan Oranjewâld wurdt de nije lieder fan de Twadde Keamer-fraksje fan de PvdA. Hy wie de wichtichste kandidaat foar de funksje neidat de oare aspirant-fraksjelieder Sharon Dijksma it steatssiktariaat fan Sosjale Saken tabedield krige.
Der wiene noch twa oare kandidaten: Aleid Wolfsen en Hans Spekman. Tichelaar hat in grut oandiel hân yn it regearakkoart, omdat hy mei Wouter Bos de ûnderhannelingen dien hat.