Haltstraffen helje neat út

© Omrop Fryslân
Alternatyve straffen dy't buro Halt útdielt ha kwalik effekt. De jongeren dy't sa'n straf hân ha plege letter net mear of minder earnstige delikten as leeftiidsgenoaten dy't net nei Halt west ha.
Neffens de ûndersikers skrikke de jongeren mear fan de arrestaasje troch de plysje as letter fan de straf. It ûndersyk waard woansdei presintearre by de iepening fan de nije festiging fan it Halt Noard yn Grins.