FNP sjocht neat yn Plasterk

14 feb 2007 - 15:00

De FNP is net bliid mei de beneaming fan PvdA'er Ronald Plasterk as minister fan ûnderwiis. Yn 2000 neamde Plasterk yn in tillevyzje-kollum Frysk gjin serieus te nimmen skoalfak.

Krekt no't der allegear ôfspraken makke binne oer it fak Frysk op skoallen is der in minister mei in negative grûnhâlding tsjinoer it Frysk, sa seit FNP-listlûker Johannes Kramer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)