Jeugdparlemint útein set

14 feb 2007 - 13:34

Fanatike skoallebern fan njoggen middelbere skoallen yn Fryslân debattearje de kommende dagen oer provinsjale saken. Op it provinsjehûs yn Ljouwert is nammentlik it Frysk Jeugdparlemint útein set.

De learlingen ha in budzjet fan 2500 euro. De kommende dagen moatte se yn debatten útmeitsje wêr't it jild oan útjûn wurdt. It parlemint waard woansdei iepene troch Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)