Rjochtsaak tsjin Wyldemerkplan

14 feb 2007 - 11:07

De aksjes tsjin de komst fan in skoalle foar probleembern by Harich geane troch. De aksjegroep dy't him ferset tsjin de 24-oers-skoalle begjint in juridyske prosedure.

De aksjegroep is bang foar oerlêst fan de bern en fynt dat de skoalle net yn it lânskip passen. De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat gie tiisdei unanym akkoart mei it plan foar de kampus op it plak fan de eardere gersdroegerij. De earste bern komme al nei de simmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)