Soad beskerme kevers yn kanaal

14 feb 2007 - 10:09

Rekreaasje op it Polderhoofdkanaal by Nijbeets sil grutte negative effekten ha op de bistjes en planten dy't dêr no libje. Ut ûndersyk docht bliken dat it kanaal in belangryk leefgebiet is foar de streepte wetterrôfkrobbe. Dat is een beskerme keversoart.

Ek oare seldsume bisten as libelles, slakken en fûgels binne der in soad yn it Polderhoofdkanaal. Oer de plande iepenstelling moat no earst oerlein wurde mei it ministearje fan LNV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)