Homo's tsjin plan trouamtners

COC fryslân
Homobelangeorganisaasje COC Fryslân siket út welke trou-amtners yn Fryslân wegerje homohouliken ôf te sluten. Dêrmei slute de Fryske homo's oan by de aksje fan COC Nederlân.
Omdat it nije kabinet fynt dat amtners mei gewetensbeswieren frijsteld wurde kinne fan it sluten fan sa'n houlik is der nije aksje nedich, fynt it COC. Yn Ljouwert wie in soad te dwaan om in amtner dy't wegere homo's te trouwen.