Ynternetfierljeppen kreake

De provinsjale webside dêr't je digitaal op fierljeppe kinne, is hacked. It spultsje stiet op de side www.joulud.nl, dy't betocht is om stimmers nei de provinsjale steateferkiezings te lokken.
Mei it digitale fierljeppen koe oant sa'n 20 meter ljept wurde. Mar nei't de side hacked wie, wiene der dielnimmers dy't wol 100 meter ljeppe koene. De priis winne de hackers net: se ha gjin gegevens achterlitten.