Bûnscoach De Haan tefreden

13 feb 2007 - 16:31

Foppe de Haan, bûnscoach fan Jong Oranje, is tefreden oer de lotting foar it EK 2009 fan syn ploech. Yn it Sweedske Stockholm waard it team keppele oan Estlân, Macedonië, Noarwegen en Switserlân.

Dit binne allegear ploegen dy't har net pleatse koene foar it Europeesk kampioenskip foar ûnder de 21 kommende simmer yn ús lân. De kwalifikaasje- wedstriden wurde fan juny 2007 ôf spile. It EK is yn Sweden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)