Eask Wytmarsumer: 2 jier sel

13 feb 2007 - 15:40

Tsjin in 42-jierrige ynwenner fan Wytmarsum is tiisdeitemiddei foar de rjochtbank 3 jier sel easke, werfan 1 jier ûnder betingst.

De man wurdt fertocht fan ûntucht mei 4 famkes yn de leeftyd fan 2 oant 8 jier, dy 't by him oer de flier kamen, omdat syn frou oppasmem is. It iepenbier ministearje fertinkt de man fan it misbrûk fan mear bern, mar dy bern binne noch net by steat in ferklearring ôf te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)