Striid oer Beatles yn it Frysk

Der is yn de Fryske muzykwrâld spul oer twa inisjativen foar in cd mei nûmers fan de Beatles yn it Frysk. Rinke Schroor en Wietske Laverman binne al in heal jier oan de gong mei it oersetten fan alle Beatlesnûmers.
Oer twa wike komme Ernst Langhout en Johan Keus mei in cd mei Beatlesnûmers yn it Frysk, de cd fan Schroor en Laverman komt yn juny. Schroor wie neffens eigen sizzen 'lulk' doe't er hearde oer de cd fan Langhout en Keus.