Riedstra by Gemeentebelangen

De Ljouwerter sakelju Jan Riedstra en Wim Sleijfer binne troch Gemeentebelangen Fryslân ynhierd as listtriuwer. De twa 'old boys' steane op de plakken 28 en 29 op de list. De partij ferwachtet dat de twa rêders fan sportclub Cambuur goed binne foar in soad stimmen.
Reitse Ketellapper fan Koarnjum is de listlûker. Hy wol besykje om de goeie útslaggen op gemeentlik nivo no ek op provinsjaal nivo wier te meitsjen.