'Fryske Arriva-bussen feilich'

13 feb 2007 - 10:05

De kwaliteit fan de Arriva-bussen dy't yn Fryslân ride is goed. Dat seit FNV- bestjoerder Ed van Eibergen yn reaksje op de minne kwaliteit fan Arriva- bussen yn Brabân. Ut in útstjoering fan NOVA hat bliken dien dat de bussen dêr hiel ûnfeilich binne. De bannen binne fersliten, remmen doge net en de doarren klappe samar iepen of ticht.

Mei de bussen yn Fryslân is it better regele. De provinsje hat dúdlike betingsten steld oan de kwaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)