Ferwaarming leger: trui oan

13 feb 2007 - 09:28

Amtners yn it gemeentehûs yn Burgum moatte kommende freed in waarme trui oandwaan. De gemeente Tytjerksteradiel docht dan de ferwaarming in graadsje leger. De basisskoallen binne frege om ek mei te dwaan.

As de ferwaarming ien graad leger stiet, betsjut dat san persint minder brânstof-útstjit. De aksje is bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan enerzjygebrûk en de klimaatsferoaringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)