Kasino jout útlis oan ried

12 feb 2007 - 22:12

De direksje fan Holland_Casino Ljouwert hat moandei de gemeenteried fan Ljouwert útlis jûn oer de wurkwize fan it kasino.

Dit barde nei oanlieding fan in útstjoering fan it tillevyzjeprogramma Zembla. Dat programma suggerearde dat kriminelen by it kasino maklik jild wytwaskje kinne. Fierder soe Holland Casino der op út wêze minsken ferslaafd te meitsjen oan gokken. It kasino ûntkent dit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)