Mear aktiviteiten yn Thialf

iisstadion Thialf
De gemeente Hearrenfean wol mooglikheden besjen om bûten de winterperioade mear indoor-aktiviteiten te organisearen yn iisstadion Thialf.
Wethâlder Buwalda sjocht hjir foar mooglikheden.De gemeente is neist oandielhâlder fan Thialf, ek belutsen by Sportstad Hearrenfean. Beide sportakkommodaasjes soene tegearre aktiviteiten organiseare kinne.