Jong Hearrenfean fier boppeoan

12 feb 2007 - 20:57

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de kopposysje by de beloften wer ferstevige troch mei 0-1 te winnen fan PSV.

De Feansters stean no 11 punten boppe de nûmer twa Utrecht. It wie in lyk opgeande wedstryd yn Eindhoven. Krekt foar it skoft wist Gonzalo Garcia Garcia it úteinlik winnende doelpunt te meitsjen foar Hearrenfean. Nei rust wiene beide ploegen ek goed oan elkoar weage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)