Kamperplakken kin jild opsmite

12 feb 2007 - 19:51

Fryske gemeenten litte in protte jild lizze at se gjin kamperplakken oanwize. Dat seit Wout Brinkhuis fan de Nederlandse Kampeerauto-club Noord.

Troch in wiziging yn de wet hoecht in gemeente net mear te 'gedogen', mar se kin offisjele kamperplakken oanwize. Jierren hat der spul west tusken kamperaars, dy't de moaie plakjes útsochten, en gemeenten dy't soks krekt keare woene. Mar oan dy striid liket no in ein te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)