Projekt froulju by brânwacht

12 feb 2007 - 16:41

Fjirtjin brânwachtfroulju begjinne dizze wike mei in oplieding foar befelfierder. By dy groep sitte ek trije Fryske froulju, twa fan it Ljouwerter korps en ien fan it korps út Easterwâlde. In befelfierder jout lieding oan de earste blusauto en bepaalt hoe't in brân bestriden wurdt.

De lanlike brânwacht wol mear froulju op dizze liedingjaande funksje sette. De brânwacht is in manljusbolwurk en dat moat oars, fynt de brânwacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)