Thialf noch altiten 'magysk'

12 feb 2007 - 16:29
  • Iismaster Boomsma lei in goede iisflier del

Op it Wrâldkampioenskip reedriden yn Thialf sneuvele dit wykein it iene nei it oare rekord. Hichtepunt dêrby wie it wrâldrekord op 'e tsien kilometer fan Sven Kramer. Mar dêrnjonken waarden noch fiif baanrekords riden en in soad persoanlike rekords.

Iismaster Boomsma is ferantwurdlik foar it goede iis. Moandei wiene der op 'e nij wedstriden yn Thialf. Ek dêrby ferbruts hast eltsenien syn persoanlike rekord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)