Fertochte Bulgaren oanhâlden

Ynbraak © Omrop Fryslân
Twa Bulgaren fan 43 en 44 jier binne oanhâlden, omdat se fertocht wurde fan ynbraak. It soe gean om in ybraak oan de Alde Leane yn Lúkswâld.
Tsjûgen bellen de plysje en skreaunen it kenteken fan de auto fan de fertochten op. Doe't se fuortrieden, gie in buertbewenner der gau achteroan en fertelde de plysje wêr't de ynbrekkers hinne rieden. De plysje koe de twa dêrtroch yn de buert fan Gersleat oanhâlde.