Grutte dieverijsaak oplost

In part fan de bút, dy't de dieven sels yn 'e hûs holden
De plysje hat hûnderten gefallen fan winkeldieverij yn it Noarden oplost. De fjouwer fertochten binne ein desimber oanhâlden, yn har auto fûn de plysje stellen guod.
De dieven ha mear as twahûndert kear guod út winkels stellen. Dat barde yn Ljouwert, Drachten, Wolvegea en oare plakken yn it noarden. Se namen klean, iten, tydskriften en húshâldlik guod mei. Hast hûndert winkellju ha har guod yntusken werom.