Dronken autorider oanholden

12 feb 2007 - 11:15

Op de Dongeradyk yn Dokkum is sneintenacht mei in soad argewaasje in 36-jierrige autorider oanhâlden. De man hie tefolle dronken.

De Dokkumer ried sûnder rydbewiis yn in auto dy't net fersekere wie en stoppe net doe't plysjes him oanhâlde woene. Dy blokkearden de wei mei har auto, mar de man ried oer de stoepe in gersfjild op. Doe't er net fierder koe, hat de plysje him oanhâlden. Hy krige in bekeuring en in rydferbod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)