Kaaien en auto kwyt

© Omrop Fryslân
Op de Kaden yn Drachten is sneontejûn in Audi A4 mei Dúts kenteken stellen. De 33-jierrige eigner út Drachten hie de auto dêr parkeard, mar koe net mear fuortkomme, om't er syn kaaien kwyt wie. Ek de ANWB koe de auto net iepen krije.
Doe't de man snein by de auto weromkaam, wie de auto fuort. Mooglik hat de autodief gebrûkmakke fan de kaaien dy't de man ferlern hie.