Twa rydbewizen ynnommen

12 feb 2007 - 10:23

De rydbewizen fan twa Friezen binne it ôfrûne wykein yn beslach nommen. De beide manlju hiene tefolle dronken. De ien, in 39-jierrige Frjentsjerter waard pakt by in kontrôle op de Tsjommerwei yn syn wenplak. Hy hie trije kear safolle dronken as tastien is.

In 21-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden aon de Nijewei yn Ljouwert. Hy hie twa kear safolle dronken as wetlik mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)