Himpkwekerijen oprôle

Himp © ANP
De plysje hat tongersdei yn de Alde Easterstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij ûntmantele. It gie om in kwekerij mei 397 planten, dy't de plysje op it spoar kaam troch anonime tips. De planten binne ferneatige en de apparatuer is yn beslach naam. Der binne gjin fertochten oanhâlden.
Yn Drachten is ek in himpkwekerij oprôle. Dy stie yn in bedriuwsgebou oan de Ampereleane, mar wie noch sa nij dat der noch gjin planten yn stiene.