Auto oer de kop by De Gordyk

© Omrop Fryslân
Op de A7 by De Gordyk is sneintejûn in auto oer de kop slein. De 37-jierrige bestjoerder moast útwike omdat er foar him yn ienen in ûnferljochte oanhingwein seach. Hy skuorde oan it stjoer om der net by op te riden, mar sloech doe oer de kop en bedarre yn de middenberm.
De bestjoerder en syn twa lytse bern, dy't yn sitsjes achteryn sieten, hiene neat en koene nei kontrôle troch ambulânsepersoniel nei hûs.