Kramer wrâldkampioen allround

11 feb 2007 - 17:13

Sven_Kramer (20) fan Aldskoat hat snein foar it earst yn syn karriêre de wrâldtitel allround ferovere. Hy bleau op de ôfslutende 10 kilometer syn Italjaanske rivaal Enrico_Fabris rûm foar en stelde dêrmei it goud feilich.

Fabris einige yn it klassemint as twadde, it brûns gie nei Carl Verheijen. Kramer sleat it evenemint ôf mei in wrâldrekord op de 10 kilometer. Syn tiid wie 12.49,88. Syn eigen âlde wrâldrekord wie 12.51,60.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)