Klimaatfilm Gore yn filmhuzen

11 feb 2007 - 17:08
  • Grien Links hellet de Inconvenient Truth nei Fryslân

Grien_Links fersoarget ynkoarten yn de filmhuzen fan Fryslân in foarstelling fan de klimaatfilm fan de âld fise-presidint fan de Feriene_Steaten Al Gore. De partij wol mei de film 'An Inconvenient Truth' sjen litte dat de klimaatferoaring in wichtich plak krije moat op de politike aginda.

Sa soe de provinsje mear ynvestearje moatte yn enerzjybepalende maatregels. De earste fertoaning is kommende tongersdei yn it filmhûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)