Rufte-ynsamling grut sukses

11 feb 2007 - 16:05

De aparte ynsamling fan ruften yn de gemeente Smellingerlân is in grut sukses. In jier lyn is dêrmei begûn en no al wurdt hast 75 persint fan de ruften fia de griene kontener ynsammele.

Mei elkoar is dat goed 437.000 kilo. De gemeente hat dêrmei goed 60.000 euro besparre op de ferwurkingskosten. De ruften gean nei in ôffalferwurker yn Lelystêd. Dêr wurdt it plastic derút helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)