Nêsten fan iikhoarns teld

© Omrop Fryslân
De iikhoarns yn Fryslân ha noch hieltyd swier te lijen fan sykte. Dy hat in grut part fan de populaasje yn de Fryske bosken útroeid. Sa stadich oan is der wer wat werstel, mar hurd giet dat net.
Ofrûne wykein gie in groep frijwilligers de bosken by Beetstersweach yn om nêsten te tellen. Der waarden twa iikhoarnnêsten fûn, ek in haukenêst mar gjin iikhoarns sels.