Amateurfuotbal ek snein ôflast

11 feb 2007 - 12:25

It amateurfuotbal yn it distrikt Noard is ek foar snein ôfsein. Allinnich guon wedstriden yn de haadklassen gean troch. De wedstriden tusken De Jouwer en MSC Antaris en Snits en SC Enschede yn de haadklasse C gean lykwols ek oer.

De KNVB hat dat besletten om't de fjilden der min by lizze en ek it waar foar snein net al te bêst liket. It programma yn it sneonsfuotbal - útsein de haadklassen - gong ek al net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)