Jild rotonde Jouwer foarsjitte

Op it ferkearsplein De Jouwer is it benammen yn 'e spits tige drok
De provinsje moat it jild foar it ferkearsplein De_Jouwer foarsjitte, fynt de CDA-Steatefraksje. It Ryk hat 10 miljoen euro tasein. As de provinsje it jild foarsjit, kin it wurk gau begjinne. It Ryk moat it jild dan mar werombetelje oan de provinsje.
By de rotonde komt in nije 'bypass' fan Snits nei De Lemmer. De provinsje rôp ek it bedriuwslibben op om mei oplossings foar de rotonde te kommen. It CDA sjocht dêr neat yn.