Drankkontrôles: 9 boetes

Blaze by alkoholkontrôle (hjir argyf)
By twa grutte alkoholkontrôles yn de provinsje hawwe njoggen minsken yn de nacht fan freed op sneon in prosesferbaal krige.
Yn Snits en omkriten waarden 558 autobestjoerder kontrolearre. Trije begjinnende autoriders hiene krekt wat te folle drank op. Yn Dokkum moasten 350 automobilisten blaze. Seis fan harren hiene te folle dronken. Trije fan dy drankriders hiene noch mar krekt it rydbewiis.